Kompjûterhelp yn Fryslân

In rêstich wurkplak, sûnder gedoch

Jo kompjûter heart in ark te wêzen, gjin karwei. Ik rjochtsje him sa yn dat er docht wat er dwaan moat, en ik bliuw berikber as der wat is.

Wat ik doch Efkes freegje

Xerdi is Erik Nijenhuis út Ljouwert. Ik kom by jo lâns – yn Fryslân, want oan hûs komme kin allinnich as it tichtby is.

Wêr't it faak op fêstrint

De kompjûter wurdt stadich. Der komme meldingen dy't nimmen begrypt. Der wurdt om jild frege foar programma's dy't earst gewoan wurken. En elke kear as der wat feroaret, moatte jo it opnij útsykje.

Dat is gjin dommens fan jo kant. It is hoe't it makke is: der sit in bedriuw achter dat der belang by hat dat jo elk jier wer wat betelje.

Linux wurket oars. It kostet neat, it wurdt net stadiger fan himsels, en der komt nimmen tuskentroch om jo wat te ferkeapjen. Op in kompjûter fan acht jier âld draait it faak better as wat der oarspronklik op stie.

Wat ik foar jo dwaan kin

Alles yn oerlis, en altyd earst útlein yn gewoane wurden.

  • In wurkplak ynrjochtsje

    Ik set Linux op jo kompjûter, mei de programma's dy't jo brûke, en soarch derfoar dat jo bestannen meikomme. Jo hoege neat sels út te sykjen.

    • Jo bestannen en e-mail geane mei
    • Programma's dy't jo kenne, of in alternatyf dat ik útlis
    • Ik lit sjen hoe't it wurket foar't ik fuortgean

    Ienmalich, fêste priis nei in koarte blik op wat jo hawwe.

  • Byhâlde en berikber wêze

    De fêste ôfspraak: ik hâld de boel by en jo kinne my belje as der wat is. Gjin wachtrige, gjin nûmer – gewoan in telefoan dy't oergiet.

    • Fernijings wurde dien, net útsteld
    • Reservekopyen dy't ek werom te setten binne
    • Fragen stelle mei, ek de lytse

    Fêst bedrach yn 'e moanne. Moanneliks op te sizzen.

  • Helpe mei de administraasje

    Rekkens skriuwe, jo oeren byhâlde, de map foar de boekhâlder op oarder. Ik set it ien kear goed op en dan rint it.

    • Rekkens dy't der fersoarge útsjogge
    • Alles op ien plak, werom te finen
    • Sa opset dat jo boekhâlder der bliid mei is

    Yn kombinaasje mei it byhâlden, of los per kear.

Wêrom yn it Frysk

Om't dit wurk allinnich tichtby wurket. Ik kom by jo oan tafel sitten, sjoch mei op it skerm en lit it dan efkes sjen. Dat kin ik dwaan yn Fryslân, en dêrbûten net.

En om't útlis yn jo eigen taal gewoan better oankomt. Der binne genôch plakken dêr't jo yn 'e war rekke wurde mei Ingelske wurden; dit is der gjin ien fan.

Efkes oerlizze?

Fertel yn in pear rigels wat der oan 'e hân is. Jo krije in earlik antwurd, ek as dat "dêr hoege jo neat oan te dwaan" is.

Stjoer in e-mail